Poadium 2011
Op dit plak (‘Poadium’) pleatse wy teksten dy’t wy fan belang achtsje foar it befoarderjen fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer. Se moatte, as it heal kin, (eftergrûn)ynformaasje biede. Se moatte ek motivearje, dat wol sizze arguminten of beweechreden jaan foar ús taalemansipatoarysk hanneljen.
Hâld ús dus op ’e hichte fan wat jo witte en wat jo wolle. Jou ús troch wat jo ‘beweecht’ (ffupost@hotmail.com)! Mei ‘stilsitten’ bedije wy neat foar ús eigen taal en kultuer.
Desimber 2011
De doar nei foech oer ûnderwiis yn it Frysk op in kier …, des. 2011, (P-Swingel)
Swingel - Artikel fan FFU-foarsitter Tom Dykstra yn Swingel (nû. 32, s. 14-16) oer de kabinetsútstellen oangeande it oerdragen fan foech oer it ûnderwiis yn it Frysk oan de provinsje. Dy lykje net al te geunstich. Lês fierder >>
Novimber 2011
Taalstriid of sjauvinisme, 18-11-2011, (P-LC)
Leeuwarder Courant, s. 7 [ynstjoerd] – Reaksje fan Stoffel Haagsma op in artikel fan Rimmer Mulder (âld-haadredakteur LC) dy’t yn de LC fan 9 nov. 2011 hawwe woe dat it oan de Friezen sels leit dat har taal net oeral brûkt wurdt. Haagsma stelt dêr foaroer dat der dan ek folle mear Frysk yn de krante komme moat. Lês fierder >>
Keppelfeest is flagje foar taal, 16-11-2011, (P-LC)
Leeuwarder Courant, s. 7 – Hindrik van der Meer skriuwt foar de Wurkgroep foar it Keppelfeest in Te Gast yn de Ljouwerter Krante en docht in berop op alle Friezen om sechstich jier nei Kneppelfreed mear minsken wekker te meitsjen foar it brûken fan ús taal yn de húshâlding, op de skoalpleinen, yn it iepenbier bestjoer, yn de kranten en de tsjerke. Friezen soene har net te gau ferbrekke moatte. Lês fierder >>
Gewoan Frysk, 15-11-2011, (P-LC)
Leeuwarder Courant - In syn kommentaar seit De Jong yn in haadartikel dat it brûken fan it Frysk in rjocht is en dat de learkrêften fan skoallen it gewoan fine moatte om it Frysk in plak te jaan. Lês fierder >>
Fryske snein moat gjin ekskústrús wêze, 12-11-2011, (P-LC)
Leeuwarder Courant – Dominy Hinne Wagenaar seit yn in Te Gast (LC) dat in Fryske snein net in ekskús wêze moat om yn alle oare tsjinsten allinnich it Hollânsk te brûken. It brûken fan it Frysk moat gjin geunst wurde, mar in rjocht. Lês fierder >>
Ut ’e skulp, 04-11-2011, (P-LC)
Leeuwarder Courant - Kollumnist Pieter de Groot wurdt bûksiik fan de behanneling fan it Frysktalich ûnderwiis yn De Haach troch it parlemint en troch de ûnderwiisynspeksje (Dwers, 4 nov. 2011). De learaars soene in foarbyld nimme moatte oan de Feriening Frysk Underwiis, dy’t him altiten fûl rjochting De Haach oppenearret. Se soene har mei-inoar te skoar sette moatte tsjin de Haachske roppers en razers oer. Lês fierder >>
Oktober 2011
Ljouwerter, wês grutsk op it brûken fan Frysk, 29-10-2011, (P-LC)
Leeuwarder Courant - Klaas Veenstra pleitet der yn in Te Gast (LC, 29-10-2011, s. 6) foar dat de krante geef Frysk brûkt by it sitearjen fan Frysktaligen, krektlyk as de krante Hollânsktaligen ek yn korrekt Hollânsk oanhellet. It letterlik oanheljen fan lju mei in tekoart oan kennis en oplieding yn de eigen taal liedt ta min-Frysk yn de krante. De krante soe grutsker op it Frysk wêze moatte. Lês fierder >>
Septimber 2011
Vechten tegen bierkaai voor Fries in rechtszaal, 17-09-2011, (P-LC)
Leeuwarder Courant - Volgens Fedde Schurer heeft het Fries pas echt kans van slagen als het niet alleen voor, maar ook achter de groene tafel moet worden gesproken. Anders is het vechten tegen de bierkaai, zegt ook Pieter de Groot in zijn column ‘harje’ in de LC (17-09-2011, s. 10). Lês fierder >>
Augustus 2011
Fryske Beweging skriuwt brief oer it griene boekje, 17-08-2011, (P-RvdFB)
Ried fan de Fryske Beweging – Mei op oanstean fan de FFU hat de Ried fan de Fryske Beweging in brief skreaun oan de Fryske Steaten om in opdracht te jaan ta it gearstallen fan in ‘Grien Boekje’ foar it Frysk. Lês fierder >>
July 2011
Brûken fan de Fryske taal troch It Fryske Gea, 24-07-2011, (P-It Nijs)
It Nijs – Brief fan de Ried fan de Fryske Beweging oan It Fryske Gea oer it net of amper (mear) brûken fan it Frysk troch It Fryske Gea. De FFU hat it taalbelied fan It Fryske Gea op it aljemint brocht en it is (ek) oppakt troch de Ried fan de Fryske Beweging. Lês fierder>>
Sjoch ek by ‘Poadium’, 25-05-2011 oangeande de aksje fan de FFU rjochte op it taalbelied fan It Fryske Gea, by ‘Sjerp & Jittik (14)’, maaie 2011 en ús ‘Swartboek’, 25-05-2011 oangeande fraach: Hoe kin der in ein makke wurde oan de anty-Fryske taalpolityk fan dy feriening? Lês fierder >>
Eigen baas op it kulturele hiem, 05-07-2011, (P-LC)
Leeuwarder Courant – Annichje Toering (foarsitter FNP-Steatefraksje) skriuwt yn in ‘Te Gast’ (LC, 05-07-20011) dat De Haach it Frysk feitliken ûnferskillich lit en dat de Friezen har eigen ferantwurdlikens nimme moatte: baas op it eigen kulturele hiem. Kulturele autonomy mei in wetlike basis en in eigen finansjele ûnderbouwing. Lês fierder >>
Juny 2011
Tsien arguminten foar it Frysk, 24-06-2011, (P-LC)
Leeuwarder Courant, s. 7 Jan de Jong fan Zweelo jout yn in Te Gast (LC, 24-06-2011) tsien arguminten foar it learen en praten fan it Frysk en foar in twatalige opfieding. Lês fierder >>
Dan noch leaver Piterboarch, 01-06-2011, (P-LC)
Leeuwarder Courant, s. 7 Kerst Huisman reagearret yn in ynstjoerd stikje yn de Ljouwerter Krante op it hjirûnder steande Snits v/h Sneek fan Bertus Postma (LC, 20-05-2011). Huisman pleitet derfoar om it Fryske eksonym foar Sankt Peterburg net te skriuwen as Sint Petersburch, mar as Piterboarch. Lês fierder >>
Maaie 2011
It Fryske Gea en it Frysk!, 25-05-2011, (P-LB)
Hoe kin der in ein makke wurde oan de anty-Fryske taalpolityk fan dy feriening?
It liket derop dat it taalbelied fan It Fryske Gea hieltiten Frysk-ûnfreonliker wurdt. Op de jiergearkomste fan de Feriening Frysk Underwiis (FFU) (25 maaie 2011) brocht ús Haachsk lid Lútsen Bakker in earnstige klacht oer de taalpolityk fan dy feriening op it aljemint. Lês fierder >>
Snits v/h Sneek, 20-05-2011, (P-LC)
Leeuwarder Courant, s. 6 - Yn syn ‘Het Fries heeft niets aan Friese plaknammen’ (LC, 12 maaie 2011) fan âld-haadredakteur Rimmer Mulder fan de Ljouwerter Krante ferswijt deselde Mulder de ‘Oerienkomst oangeande Fryske taalbelied yn de nij te foarmjen fúzjegemeente Súdwest-Fryslân’ en de taalrjochten dy’t dêryn ûnderskreaun wurde. Bertus J. Postma fan Bitgummole komt dêr yn in ynstjoerd stikje tsjin yn it gewear. Lês fierder >>
Friese plaatsnamen in Súdwest Fryslân, 06-05-2011, (P-LC)
Leeuwarder Courant, s. 7 - De gemeente Súdwest Fryslân worstelt met de vraag of de plaatsnamen er in het Fries moeten of niet. Maar eigenlijk is die strijd al gestreden, zegt bestuurskundige Piet Hemminga. De Stelling: Plaatsnamen in Súdwest Fryslân moeten in het Fries (Zelfs Snits). Lês fierder >>
FFU: Klik op: FFU-Frysktalige plak- en gemeentenammen yn Súdwest-Fryslân, 230211.pdf om in Frysktalich FFU-brief oan de gemeente dêroer te iepenjen.. En sjoch ek ris by: ‘Brieven 2011’ foar ús korrespondinsje mei de nije fúzjegemeente oer it taalbelied.
Oerienkomst taalbelied Súdwest-Fryslân. De fiif fúzjegemeenten sille harren Frysk taalbelied opinoar ôfstimme. Dat is ôfpraat mei steatssekretaris Ank Bijleveld fan Ynlânske Saken en mei de Provinsje Fryslân. De fiif gemeenten wolle in foarbyld wêze foar in ambisjeus brûken fan de Fryske taal (sjoch foar mear ynformaasje ek by ‘Aktueel 2010’: Oerienkomst taalbelied Súdwest-Fryslân. Fusiegemeenten stemmen gebruik Friese taal op elkaar af, 01-03-2010).
Klik hjir foar de Frysktalige oerienkomst.
Klik hjir foar de Hollânsktalige oerienkomst.
April 2011
Frysk yn Súdwest Fryslân?, 18-04-2011, (P-LC)
Leeuwarder Courant, s. 6 - Yn in ynstjoerd stikje (19-04-2011) kritisearret Jehannes Elzinga it taalbelied fan Súdwest Fryslân. Wethâlder Maarten Offringa ferbrekt him yn in gearkomste fan doarpsbelangen en wykrieden (Pieter de Groot, LC 8 april) as guon dat easkje en giet oer op it Hollânsk. Dat is te witen oan de oerhearsking fan stêden as Snits (‘Sneek’) yn de nije fúzjegemeente. Soks driget ek yn Noardwest Fryslân as de Hollânsktalige eliten fan stêden as Harns en Frjentsjer de kâns krije. Lês fierder >>
Grien boekje foar it Frysk, 08-04-2011, (P-LC)
Leeuwarder Courant – Pleit fan Jan Schotanis (DAT Tekstbureau) yn it ‘tegast’ (d.d. 08-4-2011), foar in goed opboude wurdlist (Grien boekje) foar it Frysk mei meartalsfoarms, ôfliedings, tiidwurden mei bûgingsfoarms, nammen dy’t ynboargere binne. GrienLinks pleitet by Deputearre Steaten foar de komst fan sa’n boekje ( Actief, 20-04-2011, s. 21). Lês fierder >>
Maart 2011
‘Yn de kunde komme’ is foar it Frysk te min, 19-03-2011 (P-FLC)
Leeuwarder Courant - Yn in ‘te gast’ (LC, 19-03-2011, s. 6) ornearret Jaap van de Bij, foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging, dat allinnich it ûnderwiisdoel ‘yn ’e kunde komme mei it Frysk’ foar skoallen yn in minder Frysktalige omjouwing lang net foldwaande is. As de provinsje mear foech kriget op ûnderwiismêd, dan moatte de ynwenners fan Fryslân ús taal op syn minst passyf behearskje (ferstean en lêze kinne). De FFUstribbet dat ek nei. Lês fierder >>
Sudergaos, -go of -goa, 08-03-2011, s 6 (P-LC)
Leeuwarder Courant – Yn in ‘te gast’ set Cor Jousma him út namme fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân efter it stânpunt fan de FFU dat de definitive namme fan de fúzjegemeente Súdwest Fryslân in folslein Fryske foarm hawwe moat. Utstellen foar in takomstige namme hearre foarlein te wurden oan de Fryske Akademy en moatte de toets fan it Europeesk Hânfêst fan de Rie fan Europa trochstean kinne (sjoch ek it FFU-brief fan 18 maart 2011 by ‘Brieven útgien’. Lês fierder >>
Voorstel voor het Fries, 08-03-2011, (P-LC)
Leeuwarder Courant - De voorstellen van de Commissie-Hoekstra om de bevoegdheid voor Fries in het onderwijs over te dragen van Den Haag naar Fryslân zouden ertoe moeten leiden dat de provincie sterker kan inzetten op drietalig onderwijs, op de doorgaande leerlijn van basis- naar voortgezet onderwijs en bijvoorbeeld een Cito-toets Fries voor alle leerlingen, stelt Alex Riemersma, lector Fries en Meertaligheid in een ingezonden brief. Lês fierder >>
Sudergaos, 04-03-2011, (P-LC)
Leeuwarder Courant - In syn kollum Dwers (LC, 04-03-2011) jout Pieter de Groot omtinken oan it FFU-brief oan de nije fúzjegemeente Súdwest Fryslân oer in takomstige namme. De FFU skreau û.o.: “De namme Súdwest-Fryslân kin net sûnder keppelstreekje” en: “mei alle respekt foar de jim bekende aksjegroep: it Frysk fereasket perfoarst in ‘oa’ oan de ein fan de namme. Tink bygelyks mar oan de Sudergoawei en de Westergoawei, dy’t beide yn Boalsert begjinne.” (sjoch ek it FFU-brief fan 18 maart 2011 by ‘Brieven útgien’). Lês fierder >>
Febrewaris 2011
Jannewaris 2011