Poadium 2012

Op dit plak (‘Poadium’) pleatse wy teksten dy’t wy fan belang achtsje foar it befoarderjen fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer. Se moatte, as it heal kin, (eftergrûn)ynformaasje biede. Se moatte ek motivearje, dat wol sizze arguminten of beweechreden jaan foar ús taalemansipatoarysk hanneljen.

Hâld ús dus op ’e hichte fan wat jo witte en wat jo wolle. Jou ús troch wat jo ‘beweecht’ (ffupost@hotmail.com)! Mei ‘stilsitten’ bedije wy neat foar ús eigen taal en kultuer.


Desimber2012

pompeblêd Dat blinderse mUSeum, 01-12-2012 (P-LC)

Leeuwarder Courant, s. 30 – ‘Bertus Jan Postma wol mei rjocht (LC, ‘tegast’, 01-12-2012) dat de namme fan Fries mUSeum yn Frysk mUSeum feroare wurdt om de Fryske identiteit rjocht te dwaan. Dêr sil gjin net-Frysktalige minder om yn it museum komme. De redenaasje fan it museum om dat net te dwaan is Frysk-ûnfreonlik!. Lês fierder >>
Novimber 2012

pompeblêd Stilte rond Friese onafhankelijkheid, 24-11-2012 (P-LC)

Leeuwarder Courant,  s. 30 - Vlamingen, Basken en Catalanen zien hun nationalistische partijen groeien richting onafhankelijkheid. Europese minderheden groeien richting onafhankelijkheid. De stelling: het is stil rond de Friese onafhankelijkheid (Maria del Grosso, red. LC). Lês fierder >>
Oktober 2012

pompeblêd Noard-Frysk en Leechdútsk prate mei bern, Oktober, 2012 (P-Youtube)

Youtube– Filmke oer de behyplike posysje fan û.o. it Noard-Frysk (yn Sleeswyk-Holstein) mei in taljochting fan Reinhard F. Hahn út Amearika (USA). Efkes oanklikke.
pompeblêd Lugubere taaldiskriminaasje, 31-10-2012 (P-LC)

Leeuwarder Courant – Cor Jousma ropt mei rjocht yn in ynstjoerd stik (LC, 31-10-2012, s. 18) de boargemasters út Fryslân op in ein te meitsjen oan de lugubere taaldiskriminaasje fan de meldkeamer (112) en derfoar te soargjen dat Frysktaligen daliks ferstien wurde as se skilje. Dat is har minskerjocht. Lês fierder >>
pompeblêd Meldkeamer boartet mei fjoer, 17-10-2012 (P-LC)

Leeuwarder Courant, s. 19 - Ynstjoerd Frysktalich stikje fan Cor Jousma oer de ûnderfining fan lju dat de meldkeamer yn Drachten gjin Frysk ferstean kin of wol. De deputearren of de boargemasters moatte ‘moarn en gjin dei letter’ dy swierrichheden oplosse, sa ornearret Jousma. In tige positive útsjitter njonken de lêbige stikjes fan guon Hollânsk-skriuwende lêzers dy’t fan betinken binne dat Frysktaligen har mar ferbrekke moatte by 112. Lês fierder>>

Jousma syn oprop en dy fan oare Friezen hat fertuten dien. Op www.nos.nl (15 okt. 2012) wurdt buorkundich makke: “De 112-alarmcentrale in Friesland moet zo snel mogelijk telefoontjes in het Fries kunnen aannemen. Dat schrijft de provincie in een brief aan de Veiligheidsregio Fryslân.

Aanleiding is de brand in Bozum van afgelopen donderdag. Een bewoner die 112 belde, werd niet begrepen door de agent die de telefoon opnam, zegt een woordvoerder van de provincie. Volgens Friesland is dat tegen de gemaakte afspraken.

De provincie vindt dat er een taalprotocol moet komen. “Het Fries is de tweede rijkstaal, in geval van nood zou iedere Fries zich in zijn eigen taal moeten kunnen uiten”, aldus de woordvoerder.”
pompeblêd Omrop Fryslân is in nasjonale stjoerder, 02-10-2012 (P-LC)

Leeuwarder Courant – Sjoerd Groenhof út De Harkema ornearret yn in ‘te gast’ (LC, 02-10-2012, s. 16) dat Omrop Fryslân in nasjonale stjoerder is en dat soks gefolgen hawwe moat foar it mediabelied fan de Steat der Nederlannen. Lês fierder >>
Augustus 2012

pompeblêd Op zijn zondags (Sietse de Vries), 17-08-2012 (P-LC)

Leeuwarder Courant, freed, s. 2 –  Yn in treflike kollum yn de LC ornearret Sietse de Vries ûnder de kop ‘Op zijn zondags’: “Vertalers houden van taal, veel meer dan romanschrijvers. Die zijn vaak te veel bezig met hun verhaal en personages om met hun woordkeus en idioom volledig recht te doen aan de rijkdom van de Friese taal. Veel hedendaagse romanschrijvers beheersen de taal daar ook niet afdoende voor. […] Wie de zondagse versie van de Friese taal wil genieten moet toch echt bij Klaas Bruinsma, Lieuwe Bouma of bij Harke Bremer, Jarich Hoekstra en al die andere vertalers zijn.” Lês fierder >>
July 2012

pompeblêd In drip wetter, 13-07-2012 (P-LC)

Leeuwarder Courant – Kollum fan Pieter de Groot yn de Ljouwerter Krante (DWERS, 13-07- 2012, ‘freed’, s. 4) ûnder de kop ‘In drip wetter ...’, oer hoe sleau oft oerheden mei it Frysk omgeane. En oer de striid dy’t yn Fryslân sels noch wûn wurde moat. Learaars en âlden moatte noch in mentale omslach meitsje. De goed fjirtich trijetalige skoallen dy’t der hjoed-de-dei binne, foarmje in drip wetter op in gleone stien. De Groot hellet in artikel fan FFU-skriuwer Sytze T. Hiemstra yn Lyts Frisia (nû. 2, 2012) oan: “Yn Lyts Frisia, it orgaan fan de Jongfryske Mienskip, stiet in kop om goed yn ’e earen te knoopjen: ‘It Frysk is yn De Haach net yn goede hannen en sil dat ek nea wêze.’” (sjoch ek by ‘Publikaasjes, 2012). Lês fierder >>
pompeblêd Het Friese probleem: roomser dan de paus willen zijn, july -2012 (P-DM)

de moanne – Opinystik fan sjoernalist en histoarikus Kerst Huisman yn de moanne (jrg. 11, nû. 6, july 2012, s. 56-59) dêr’t er û.o. yn pleitet foar: “[…] het op vreedzame wijze verwerven van politiek zelfbestuur voor Friesland. […] een  staat Friesland met een eigen staatsburgerschap.” Huisman konstatearret: “Het is toch voor iedereen zichtbaar dat het beleid van de Nederlandse rijksoverheid, ondanks alle mooie woorden, in essentie zal uitlopen op de vernietiging van de Friese taal en cultuur, of wat vriendelijker gezegd: het in verwaarlozing laten creperen ervan.” Lês fierder >>
Juny 2012

pompeblêd Under fjoer, 15-06-2012 (P-LC)

Leeuwarder Courant – Kollum fan Pieter de Groot  (DWERS, LC, 15-06-2012, s. 4, ‘freed’] ûnder it kopke ‘Under fjoer’ oer de stadige dea fan de stúdzjerjochting Frysk yn Grins. De Groot ropt op ta in brede lobby yn de rjochting fan de politike partijen dy’t kampanje fiere foar de Twadde Keamer-ferkiezings fan 12 septimber. Lês fierder >>

pompeblêd Stúdzje Frysk mei net ferdwine, 09-06-2012 (P-LC)

Leeuwarder Courant, s. 9 - Yn in ‘Te Gast’ pleitet Jehannes Elzinga út Frjentsjer foar it behâld fan in folweardige stúdzje Frysk op universitêr nivo. Hy is bang dat Grins it eins net sa slim fynt, dat krekt de stúdzje Frysk ferdwine soe. Lês fierder >>

Sjoch ek by ‘Aktueel’ en ‘Aktiviteiten & Brieven’ (2012) oer de kwestje.
April 2012

pompeblêd It ferkeard brûken fan ‘tegearre’ yn it Frysk, 16-04-2012 (P-LC)

Leeuwarder Courant, s. 6 - Syb van der Ploeg sjongt fan ‘Wy komme hjir tegearre’ as er dúdlik in kloft minsken bedoeld. Mar ‘tegearre’ betsjut yn it Frysk ‘mei ús beiden, mei ús twaen’. ‘Tegearre’ kin dus oars net as op twa persoanen slaan. Jitze van der Meer út Bitgum leit yn in ynstjoerd stikje de finger by it seare plak, in tekoart oan kennisse fan it Frysk by Van der Ploeg en oare sjongers. Lês fierder >>
Maart 2012

pompeblêd Breed ferset, 30-03-2012 (P-Freed s. 4)

Leeuwarder Courant - Yn syn kollum Breed  ferset (30-03-2012, ‘Freed’, s. 4) reagearret Pieter de Groot op it berjocht dat de direkteur fan de lokaasje Kollum fan it Lauwers College de ‘taalefterstân’ fan de bern op syn skoalle  oan har memmetaal, it Frysk, wyt. Om foar te kommen dat de praktyk hieltiten mear frustrearre rekket troch Kollumer tastannen en it Frysk de skuld fan alle falen kriget, moatte learaars mei ûnderfining har massaal oppenearje. De pensjondado’s út bewegingsrûnten kinne it net allinnich. Lês fierder >>

Klik ek op:
http://www.omropfryslan.nl/fideo/taalworkshops-op-vmbo-kollum om it filmke fan Omrop Fryslân dêroer te beharkjen en te besjen. Sjoch hjirûnder op ús stek (‘Poadium’) noch mear oer de kwestje. De Groot hat gelyk mei syn oprop.

pompeblêd Heech tiid foar nij Kollumer Opskuor, 27-03-2012 (P-LC)

Leeuwarder Courant - Yn in ‘Te gast’ ropt Pier Bergsma de Kollumers op om yn opstân te kommen tsjin de taalpolysje op it Lauwers College yn Kollum en Frysk te praten. De Sovjetisearring slacht ta yn it ûnderwiis. De folgjende stap wurdt dat se âlden ferbiede om Frysk te praten. Lês fierder >>
pompeblêd Kanttekenings by it Tomke-sympoasium, maart 2012 (P-Swingel)

Swingel - Artikel fan FFU-foarsitter Tom Dykstra (nû. 33, s. 11-13) mei opmerkings oer en kanttekenings by de Tomke-sympoasia fan 23 septimber en 2 novimber 2011. Lês fierder >>
pompeblêd Frysk ferbean?, 24-03-2012 (P-LC)

Leeuwarder Courant - Ynstjoerd stikje yn de Ljouwerter Krante fan Jehannes Elzinga oer it ferbieden fan it Frysk ûnder de lessen fan it Lauwers-kolleezje yn Kollum. Hy kritisearret dêrby Omrop Fryslân, dy’t lokaasje-direkteur Holvast ûnsin oer it Frysk útkreamje lit. Lês fierder >>
pompeblêd Trelit om ’e taal, 23-03-2012 (P-LC)

Leeuwarder Courant – Kollum ‘Dwers’ fan Pieter de Groot  (23-03-2012, s. 4) mei in lytse blomlêzing fan swierrichheden dy’t Frysk-praters en Frysk-skriuwers koartlyn hiene mei it skiljen fan in service-sintrum, fan it miljeu-alaarmnûmer, mei in Frysktalige notariële akte foar de ABN Amro-bank en mei in klachtenûmer foar de krantebesoarging. De striid foar de algemiene erkenning fan de twadde rykstaal is noch lang net wûn, sa ornearret De Groot. Sokke ynsidinten frustrearje de boel. Lês fierder >>
pompeblêd Frysk ferstean, kwestje fan fatsoen, 17-03-2012 (P-LC)

Leeuwarder Courant, s. 7 - In ‘Te Gast’ fan Durk van der Schaaf en Ate de Jong (Tûmba, buro foar gelikense behanneling) yn de Ljouwerter Krante (17-03-2012, s. 7) oer taaldiskriminaasje fan Frysk-skriuwers troch de ABN AMRO. Lês fierder >>

FFU: Sjoch oer taaldiskriminaasje fan Frysktaligen by de polysje by ús Swartboek, Poadium en Aktueel (2012).
pompeblêd ‘Min’ Frysk op 112? , 16-03-2012 (P-LC)

Leeuwarder Courant - Ynstjoerd stikje yn de Ljouwerter Krante (16-03-2012, s. 6) fan Sybren Hengst út ‘Oostermeer’ oer de (minne) kwaliteit fan it Frysk dat mooglik te hearren is by it skiljen fan de meldkeamer fan 112. Lês fierder >>
pompeblêd Helge Tietz: It hoedzjen en noedzjen fan de eigen talen yn de Fryslannen, 02-03-2012 (P-LC)

Lowlands – Tietz pleitet ûnder mear foar it better en faker brûken fan it Westerlauwersk Frysk yn Nederlân en it Noard-Frysk yn Dútslân. Lês fierder >>

pompeblêd (1) As elke sekonde telt; (2) Frysk prate tsjin plysje is ús rjocht , 01/02-03-2012 (P-LC)

Leeuwarder Courant - Yn in ynstjoerd stikje (01-03- 2012, s. 6) ropt Cor Jousma de Frysktaligen op harren net te ferbrekken by de polysje. De polysje hat in soarchplicht. Yn in ‘tegast’ 02-03-2012, s. 6) ornearret Margriet Kingma fan it Fryske studinteselskip FFJ Bernlef ek dat it Frysk praten tsjin de polysje in rjocht is en gjin geunst. Lês fierder >>

Sjoch ek by: ‘Aktueel 2012: Diskriminaasje fan Fryskpraters by de polysje, 25/27/28-02-2012 (A-LC). Fjouwer stikken yn de Ljouwerter Krante ûnder de koppen:
(1) Discriminatie van Friesspreker (Willem Bosma, 25-02-2012, s. 1);
(2) Fries op papier sterk, maar in praktijk zwak (25-02-2012, s. 13);
(3) Staten: politie moet Fries verstaan (27-02-2012, s. 11);
(4) Tweetalige politie in buitenland gewoon (Willem Bosma, 28-02-2012, s. 12).

En sjoch ek by: ‘Swartboek 2012’ (28/29-02-2012: twa ynstjoerde stikjes fan de ‘Frieslanders’ Ruurd Wijmans en Henk Vos, dy’t Frysktaligen oproppe om harsels te ‘ferbrekken’ by de polysje. Fryskprate tsjin de polysje achtsje se mar ‘flauwekul’ en ‘doorslaan’. Mei sa’n hâlding en mentaliteit lykje beide ynstjoerde-stikjesskriuwers net sa geskikt om by de polysje te wurkjen.
Febrewaris 2012

pompeblêd Ies-sykte by de Omrop, 20-02-2012 (P-LC)

Leeuwarder Courant - It taalgebrûk fan guon ferslachjouwers fan Omrop Fryslân raast gauris oan de protters. Yn in ‘Te Gast’ neamd Hindrik Bakker fan Boalsert it geregeld ferbrekken fan ienlûden ta twalûden yn wurden as tiid, fiif, tsiis en iis. Dy wurde troch harren útsprutsen as tied, fief, tsies en ies [Holl.: ‘aas’ en gjin ‘ijs’!!!]. Bakker winsket de Omrop-meiwurkers betterskip mei de ies-sykte en foeget der oan ta ‘dan kinne wy miskien letter nochris oer de oare flaters prate’. Lês fierder >>

Klik ek ris op in FFU-brief (fan 02-12-2004): FFU-Taalnoarm Omrop Fryslân.pdf  It antwurd fan Omrop  Fryslân (fan 13-01-2005) op ús brief is ek oan te klikken: OF-Taalnoarm Omrop Fryslân.pdf  It tamtearjen fan ús taal liket by de Omrop-meiwurkers hieltiten slimmer te wurden. Is de Omrop der wol serieus mei dwaande? Yn alle gefallen, earst mar gau op spraakles. It ‘íes’-‘spraakgebrek’ moat dochs te ferhelpen wêze? Hoe wurdt it Ingelske ‘team’ troch harren útsprutsen? Wurdt dat ‘tiim’ yn it Ingelsk en ‘tiem’ yn it Frysk? En hoe komt it mei ‘wiid’ [Holl.: ‘wijd’] en ‘wiet’ [Holl.: ‘nat’]?

pompeblêd Riede op it ies, 03-02-2012 (P-LC)

Leeuwarder Courant - Yn syn kollum DWERS (LC, 03-02-2012, s. 4) bringt Pieter de Groot ûnder de kop ‘Riede op it ies’ in tal reaksje op it rabat op syn eardere kollum ‘Wyldeboel’ (27-01-2012) (sjoch hjirûnder by ‘Poadium’). De Groot helle dêr Sytze Hiemstra yn oan as “[...] in geef-Fryskprater en -skriuwer, dy’t dat fan oaren ek easket en oarstalige ynslûpsels ôfwiist, al steane se yn it nije Frysk Hânwurdboek. Sa gau’t der in (H) efter it wurd stiet, moatte jo dat fan him mije.” Hindrik Bakker fan Boalsert kriget ek pikefel fan it minne Frysk by Oprop Fryslân (sjoch boppe ek Bakker syn: Ies-sykte by de Omrop, 20-02-2012). Lês fierder >>
Jannewaris 2012

pompeblêd Wyldeboel, 27-01-2012 (P-LC)

Leeuwarder Courant - Yn syn kollum DWERS (LC, 27-01-2012, s. 4) bringt Pieter de Groot ûnder de kop ‘Wyldeboel’ de ‘taalnoarm’ fan de Afûk op it aljemint en de krityk dêrop. De Groot skriuwt û.o.: “Yn Lyts (mar krigel) Frisia besaut âld-Afûk-foarsitter en purist Sytze Hiemstra him oer de ‘noarmative wyldeboel’ yn Afûk-útjeften, dy’t ‘de poaten ûnder de stoel fan it Frysk wei seaget’.” It hiele artikel út Lyts Frisia (s. 57-65) is hjir ek oan te klikken (STH11Us eigen taal (8): útgongspunten Fryske taalstandert (7), LF 4, 2011. pdf). Dêr docht men grif ferstannich oan. Lês fierder >>
pompeblêd Hoe fiedt men jins bern twatalich op?, 01-2012 (P-TP)

Taalpost 1256 - Yn in filmke op Taalpeil+, lizze de âlden fan it jonkje Simmer út hoe’t se de twatalige opfieding fan it berntsje oanpakke: ‘mama’ Ester hâldt it by it Hollânsk en ‘heit’ Ype praat konsekwint Frysk mei it jonkje.