Poadium 2013

Op dit plak (‘Poadium’) pleatse wy teksten dy’t wy fan belang achtsje foar it befoarderjen fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer. Se moatte, as it heal kin, (eftergrûn)ynformaasje biede. Se moatte ek motivearje, dat wol sizze arguminten of beweechreden jaan foar ús taalemansipatoarysk hanneljen.

Hâld ús dus op ’e hichte fan wat jo witte en wat jo wolle. Jou ús troch wat jo ‘beweecht’ (ffupost@hotmail.com)! Mei ‘stilsitten’ bedije wy neat foar ús eigen taal en kultuer.


Oktober 2013

pompeblêd Op ’e barrikade foar passende nammen, 22-10-2013 (P-LC)

Leeuwarder Courant, s. 18 – Friezinne en Fries lykje wol twongen te wurden om op ’e barrikaden de gean om eigentalige, by folk en lân passende, gemeentenammen te beävensearjen, sa ornearret Bertus Jans Postma yn in ‘tegast’ (Ljouwerter Krante, 22 okt. 2013). Hollânsksinnigen moatte op dat stik ferdraachsumer wurde. Lês fierder >>
Juny 2013

pompeblêd Fryske plaknammen: wurd hâlde, 14-06-2013 (P-LC)

Leeuwarder Courant, p. 16 – Geart Benedictus út de De Jouwer pleitet yn in Te Gast foar it ‘stand-still’-prinsipe by de plaknammebuorden yn fúzjegemeente Súdwest-Fryslân. Dêr’t it Frysk boppe-oan stie yn de eardere gemeente(n) , soe dat yn de fúzjegemeente sa bliuwe moatte en as it Hollânsk boppe-oan stie ek. Nije bestjoerlike weryndielings meie gjin  behindering wêze foar de taal fan in minderheid en gjin negatyf effekt op harren taal hawwe (Europeesk Hânfêst). Dat moat neikommen wurde. Lês fierder >>
pompeblêd Kom mar op mei dy standert, 05-06-2013 (P-LC)

Leeuwarder Courant, s. 19 –  In ‘Te Gast’ fan FFU-bestjoerslid Geart Tigchelaar mei in pleit foar in Fryske Standertwurdlist en ien foarm dy’t yn it ûnderwiis oanleard wurdt en as middel om de fûleinige ynterferinsjes út it Hollânsk tsjin te gean. Tigchelaar achtet it in didaktysk sterk ynstrumint (sjoch foar in wiidweidiger stik fan sines by ‘Sjerp & Jittik 2013’). Lês fierder >>
April 2013

pompeblêd FlaterFrysk, 19-04-2013 (P-LC)

Leeuwarder Courant, ‘freed’, s. 6 – Kollum (‘dwers’) fan Piter de Groot oer in artikel fan Ed Knotter (yn Swingel, nû. 37, april 2013, s. 20-21; en ek yn Lyts Frisia, jrg. LXII, nû. 1, maart 2013, s. 10-12; sj. by ‘Publikaasjes’ op ús FFU-webstek) oer it FlaterFrysk dat de Afûk talit yn ‘Frysktalige’ romans dy’t dy ynstelling útjout (in foar ús taal destruktyf útjeftebelied dat al sa’n tweintich jier oan de gong is). Knotter nimt as foarbyld ‘Kofje ferkeard’ fan Margryt Poortstra, dat stiiffol taal- en typflaters sit. Hy hie ek gâns oare útjeften nimme kinnen. De Groot liket it mei Knotter iens te wezen: “As in skriuwer flaters sitte lit, heart in korrektor dy derút te heljen.” Lês fierder >>
pompeblêd Te Gast – burgemeester Bearn Bilker: Nederland laks met Friese taal, april 2013 (P-LC)

Leeuwarder Courant , s. 29 – De Nederlandse overheid (Den Haag) is laks als het om de Friese taal gaat en daarom moeten we ons (meer) richten op Europa (Brussel). Daar kunnen we meer heil en bescherming van verwachten. Lês fierder >>
Febrewaris 2013

pompeblêd Oprop fan Kerst Huisman om in sjongkoar te foarmjen, 21-02-2013 (P-KH)

Ynkoarten wol Kerst Huisman (kj.huisman@chello.nl) besykje om in grut Frysk sjongkoar te foarmjen, dat it taheakke liet (‘Praat dochs Frysk’) foar de nije keninginne Máxima en de nije kening Willem leart. De bedoeling is om dat liet by de besite fan de nije kening en keninginne sa man- en froumachtich as mooglik is, te sjongen, oeral dêr’t it mar gaadlik is.  Jou dit dêrom oan safolle mooglik minsken troch. Lês fierder >>
pompeblêd ‘Orakel’ (P. de Groot) en ‘Wach wêze’ (N. Osinga), 15/20-02-2013 (P-LC)

Leeuwarder Courant – In kollum (‘dwers’) fan Pieter de Groot (LC, 15-02-2013) oer it orakel Ronald Plasterk (PvdA-yntellektueel en minister fan ynlânske saken) dy’t de provinsje Fryslân yn in grutter lânsdiel opgean litte wol (‘opheffe’ dus). De Groot ropt ús mei rjocht en reden op om goed fan ús hearre te litten en om nei it Malieveld te gean. N. Osinga (Dronryp) stimt deryn mei en ornearret likegoed dat de Friezen tige ‘wach’ wêze moatte. Us taal en ús kultuer steane op it spul (LC, 20-02-2013). Lês fierder 1>> Lês fierder 2>>
pompeblêd Fryslân yn de tange, 12-02-2013 (P-LC)

Leeuwarder Courant, s. 19 – Ynstjoerd stik fan J. Bouma (De Jouwer) oer it plan fan it kabinet (minister Plasterk) om Fryslân fusearje te litten mei Drinte en Grinslân. As de Earste of Twadde Keamer dêr gjin skoatteltsje foar strykt, wurdt it kabinet in ramp foar Fryslân, ornearret Bouma. Hy ropt ús op om de barrikaden op te gean. Lês fierder >>
pompeblêd 'Ik lig, als Fries, wél wakker van de plannen van Plasterk', 11-02-2013 (P-de Volkskrant)

de Volkskrant - De provincie zoals wij die kennen, dreigt te verdwijnen omdat de Randstedeling er niets mee heeft, schrijft Teake Oppewal. Het gebrek aan regionale binding van de Randstedeling wordt zo als breekijzer gebruikt om de verbondenheid van Friezen, Limburgers of Zeeuwen te breken. Lês fierder >>
pompeblêd Aux Armes!, 02-02-2013 (P-LC)

Leeuwarder Courant, podium, s. 31 – Ynstjoerd stik fan Bertus Jans Postma (LC, 02-02-2013) oer it útrûpeljen fan Fryslân troch Hollân (bgl. it ferdwinen fan it gas en fan banen by de Ljouwerter rjochtbank). It roer moat neffens Postma om. Beweging en steaten moatte wekker wurde: Aux armes citoyens! Formez vos bataillons!. Lês fierder >>
Jannewaris 2013

pompeblêd Net werom (P. de Groot), 11-01-2013 (P-LC)

Leeuwarder Courant – Kollum fan Pieter de Groot yn de LC (Dwers, 11-01-2013) ûnder de kop ‘Net werom’. De Groot ferwiist nei in brief fan de Feriening Frysk Underwiis (FFU) dat de provinsje ‘poepfreonlik it leksum [lêst] oer it jan poepsplak dat it Frysk yn de nota kultuer, taal en ûnderwiis hat’. Lês fierder >>