Poadium 2016

Op dit plak (‘Poadium’) pleatse wy teksten dy’t wy fan belang achtsje foar it befoarderjen fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer. Se moatte, as it heal kin, (eftergrûn)ynformaasje biede. Se moatte ek motivearje, dat wol sizze arguminten of beweechreden jaan foar ús taalemansipatoarysk hanneljen.

Hâld ús dus op ’e hichte fan wat jo witte en wat jo wolle. Jou ús troch wat jo ‘beweecht’ (ffupost@hotmail.com)! Mei ‘stilsitten’ bedije wy neat foar ús eigen taal en kultuer.


Desimber 2016

pompeblêd Yntegraal trijetalich lesmateriaal nedich, 20-12-2016 (P-LC)

Leeuwarder Courant, 20-12-2016, s. 19 – Út namme fan de FFU as Te Gast skreaun artikel fan Tom Dykstra (foars. FFU) ûnder de kop ‘Yntegraal trijetalich lesmateriaal nedich’. Dykstra jout omtinken oan de op 9 desimber 2016 yn it Planetarium te Frjentsjer oanbeane lessesearje Waar en wyn, sterren en planeten fan Syb Muizelaar en Ytsen Kooistra, mei in yntegraal trijetalige oanpak dy’t wy ek needsaaklik achtsje foar gâns oare fakgebieten. Lês fierder >>