Poadium, 10-02-2006, Op ’e Welske poepetoer [ferfolch]


Fryslân wurdt yn Den Haach lyk behannele as de oare provinsjes. It is al hiel wat dat der op it ministearje fan ynlânske saken in amtner sit, dy’t de minister ynskúnt wat de bestjoersôfspraken oer de Fryske taal en kultuer ynhâlde. Ekstra euro-miljoenen hat dat noch net opsmiten. Mar Mulder en Gaanderse tinke no in goed ferhaal te hawwen.

It wie aardich om út de mûle fan direkteur Pim Gaanderse te fernimmen dat syn omrop “de grutste taalpromoator fan de provinsje” is. Wa sil him dat ûntstride? In wykmannich lyn wrong er him lykwols noch yn alle bochten om in yn it Hollânsk ûndertitele Twintske searje mar net yn it Frysk ûndertitelje te hoegen. It kin ferkeare, sei Breero al. De Ried fan de Fryske Beweging hat der by de Omrop nochris op oanstien syn bysûndere ferantwurdlikheid foar it Frysk oer serieus te nimmen.

De lju  dy’t by de Omrop wurkje, ha dêr altyd in hekel oan hân, hja binne sjoernalisten en programmamakkers en gjin taalbefoarderers.  Dat stim ik har mei, mar wêrom kin it net lykop gean temear no’t der yn ús rûzige medialânskip mear kapers op ’e kust binne dy’t yn it Hollânsk mei har konkurrearje wolle? Dan moat de Fryske identiteit fan de Omrop steviger as ea ferankere wurde.

Oer de Fryske rezjy en stratezjy meitsje ik my lykwols soargen. Wêrom moat de fiktoarje by de ein, de Earste Keamer, begjinne en wêrom Medy van der Laan dermei oerfalle, krekt no’t dy op har departemint klauwen hat oan de lanlike publike omrop?

Akkoart, Mulders kontaktpersoan Agaath Witteman (û.o. earder artistyk liedster fan Theater van het Oosten) is yn de lanlike keunst- en teaterwrâld in grutte namme fansels. Lit ús hoopje dat se as Earste-Keamerlid foar har Fryske partijgenoat as brekizer fungearje kin, mar ik ha sa myn skepsis: it kin ek wol by de rol fan boadskiprinster bliuwe.

Underwilens wurd ik der net gerêster op as ik hear en lês hoe’t de wurdfierders yn de Twadde Keamer it plan no al besykje lek te sjitten. Joop Atsma, dy’t, ik wit it, mei twa fuotten yn ien hoas sit, hie him wyslik even stilhâlde moatten, jo kinne jo ek oer- en fan gefolgen mis-profilearje! Om yn dizze kwestje foar de provinsje oer te stean, is net handich, oan de oare kant makket de provinsje der ek gjin sterk nûmer fan.

Wêrom net, lykas dochs wenst is as der politike winst behelle wurde moat, hoeden de kânsen ôftaast - op Ynlânske Saken sit ús eigen skaad-Secretary of State Auke van der Goot, trochkrûpt as gjinien yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer - en earst brede stipe socht by de keamerleden? Mulder sei bliid te wêzen dat de notysje yn alle gefallen ta diskusje liedt. Oant no ta hearske der op it Binnenhof jierrenlang in radiostilte. Foar lobbywurk is sa’n stilte faak net ferkeard.

Boarne: Pieter de Groot, Leeuwarder Courant (‘Dwers’), 10-02-2006