Poadium, 10-11-2005
Ynterfryske Leararemoeting op 11 en 12 novimber 2005
De earste oprop om diel te nimmen oan it saneamde interfriesisches Lehrertreffen kaam fan Bente Johannsen as in e-mail mei de oanhef: Liiwe Sytze. Spitigernôch moast de datum fan 3/5 novimber feroare wurde yn 10/12 novimber en doe koe Sytze net as dielnimmer mei nei Ramsloh (Saterland/Sealterlân). It folgjende e-mailberjocht wie rjochte oan Liiwe Liskje, Ed en Lammert, mar om't dy lêste op syn wurk dochs net mist wurde koe, binne Liskje Flapper en Ed Knotter op tongersdeitemiddei 10 novimber (nei skoaltiid) ôfset nei de Frysktalige kollega's yn Dútslân. De drokte op 'e dyk by Grins falt ta en dan binne wy samar yn Dútslân.

Op oanwizing fan kaart en rûteplenner nimme wy de ôfslach Filsum en ride om sân oere in tsjuster (letterlik) Sealterlân yn. Yn Ramsloh (Roomelse) belje wy, lykas ôfpraat, Johanna Evers en dy bringt ús in kertierke letter nei Hotel Meyerhoff yn Holterfehn . Dêr komme letter op 'e jûn ek de dielnimmers út Nordfriesland. Holterfehn is in krúspunt fan in lange rjochte dyk en in like lange en rjochte feart. De oare deis om acht oere sitte wy foar it moarnsiten oan tafel mei Ingwer Nommensen (ús foarsitter), Bente Johannsen, Inga Scharfschwerdt, Bahne Bahnsen en Alastair Walker (fan it wurdboekynstitút yn Kiel). Yn Ramsloh moetsje wy ek de Sealterske dielnimmers, Monika Olling, Mechteld Kruse, Ingeborg Einhaus, Renate Brinkman en Ulrike Rieger, dy't ús begeliede nei it súdlikste plakje fan Saterland: Sedelsberg.

Om krekt njoggen oere sjogge wy hoe't Johanna Evers dêr in Fryske les fersoarget oan in klasse fan de Grundschule. De groep bestiet út njoggen famkes en twa jonges fan acht jier âld. Yn it moderne riedshûs fan Ramsloh wurdt oer de les neipraat en wurdt de groep fergrutte troch de komst fan Jaap van der Bij en Renze Valk. Ut Leer komt Garrelt van Borssum, dy't as fertsjintwurdiger fan it Niedersachsisch (de Fryske foarm fan it Platdútsk) koart oan de útwiksel meidocht. It belang fan de gearkomste wurdt ûnderstreke troch in freonlik wurd fan wolkom troch de boargemaster.

Under it iten yn it Saterländer Hof wurdt de gelegenheid brûkt om neier mei-inoar yn 'e kunde te kommen. De middeis wurdt it program ferfolge mei in ferslach fan in wiskundeles yn it Frasch (Noardfrysk) en de presintaasje fan nij lesmateriaal. De mooglikheden fan it ynternet wurde ek foar it Frasch hieltyd grutter. Fan de nije Westerlauwersk Fryske taalmetoade Studio F wurdt it earste tv-programma (oer feest ) besjoen. En de jûns yn Hotel Meyerhoff yn in ynformele sfear fideomateriaal út Noardfryslân.

Foar de sneons steane, njonken de evaluaasje fan 'e stúdzjebyienkomst, inkelde ekskurzjes op it program. Saterland is in âld heechfeangebiet en dat wurde wy gewaar by de feanôfgraving (turf is in wichtich produkt foar de gemyske en farmaseutyske yndustry) en yn it feanmuseum yn Elisabethfehn (alwer in lange rjochte feart). In rûnlieding troch de tsjerke fan Ramsloh en de midsieuske Johanniter Kapelle binne tige de muoite wurdich. Nei dy histoaryske ympresjes wurdt it program ôfsletten en nimme de dielnimmers ôfskie fan inoar mei in hertlik ‘adjiis' en ‘oant sjen'.

Liirerdrååwen – Lehrertreffen
Der binne trije gebieten dêr't foarmen fan 'e Fryske taal praat wurde. Dat binne twa gebieten yn Dútslân, ntl. de gemeente Saterland (Niedersachsen) en de Kreis Nordfriesland (Schleswig-Holstein) en de provinsje Fryslân yn Nederlân. Hoewol't de talen dúdlik ta deselde (Fryske) taalfamylje hearre, ûnderskiede se har wol faninoar en kinne de ynwenners fan de ûnderskate gebieten inoar net samar ferstean. It binne alle trije minderheidstalen en dat makket it kontakt tusken de ferskillende Fryskpraters sa nijsgjirrich en sinfol. Yn de trije Fryslannen libbet it besef dat it Frysk in plak hawwe moat yn it ûnderwiis.

Saterland
It Sealtersk (Saterfriesisch) is in lytse Eastfryske taalfariant dy't praat wurdt yn de doarpen Strücklingen, Ramsloh, Scharrel en Sedelsberg. It is dus in lyts taalgebiet (in taaleilân, soene wy sizze kinne) mei in lyts tal brûkers. Dat betsjut noch net dat de taal net wichtich is. In memmetaal is foar in minsk fan unike betsjutting en boppedat is yn dit gefal it Sealtersk net allinnich ferbûn mei mem en it libben thús, mar ek mei in kultuer fan fean en turf. Dat is in kulturele rykdom dy't yn de mienskip in sintraal plak hat en dêr't yn it ûnderwiis omtinken oan jûn wurde moat.

Nord Fraschlönj
Oan 'e westkant fan Schleswig-Holstein wurde ferskate Fryske taalfarianten praat dy't ûnderling nochal wat faninoar ferskille. Ta dat Fryske gebiet hearre in tal eilannen (Halligen) en dêrtroch koene dy grutte ferskillen ûntstean. It eilân Helgoland heart ek by it Fryske gebiet. Op de skoallen yn Noard- Fryslân wurde dy talen ûnderwiisd. De Fryske fariant op de fêste wâl, it Mooringer , stiet it sterkst en wurdt nei bûten ta it measte brûkt. Dat wie ek it gefal op de stúdzjedei yn Ramsloh.

Frysk op skoalle
It seit himsels dat in tige lytse taal as it Sealtersk op de skoallen in beskieden plak ynnimt (de measte learlingen fine op 't lêst in (wurk)plak bûten de eigen krite), mar der binne arguminten om dat plak te fersterkjen. Behalven de wearde fan in memmetaal en de kultuerhistoaryske wearde is der ek it besef dat de taal fan Saterland in part is fan in folle gruttere taalfamylje en te witten dat sy dêr by hearre, is foar de Saterfriesen in wichtige stipe. Dat jildt ek wol foar de Noardfriezen, mar harren taal is al folle mear ynstitúsjonalisearre. De gebrûksmooglikheden foar it Frasch binne gâns rommer as foar it Sealtersk. It Westerlauwerske Frysk (ús Frysk) hat noch lang net de posysje yn it offisjele ferkear en it ûnderwiis sa't dat in oarspronklike taal yn it eigen gebiet takomt, mar yn ferliking mei de oare Fryske talen binne wy hjir wol folle fierder.

Ynterfrysk kontakt
Foar de regionale en minderheidstalen is der yn Europa in Hânfêst dat de nasjonale regearings ferplichtet om wetjouwing te meitsjen ta ferbettering fan de posysje fan dy lytse talen. Dêr hawwe wy yn de trije Fryslannen mei te krijen, ek al binne der ferskillen yn taalmacht, tal sprekkers, plak yn de media, yn it offisjele ferkear, yn it ûnderwiis ensfh.

Nettsjinsteande de graduele ferskillen giet it de lytse talen om deselde doelstelling: it ferbetterjen fan de taalsituaasje. Op it mêd fan it ûnderwiis wurdt der foar dat doel striid levere en dêrfoar is it kontakt tusken de taalgroepen fan belang.

Op de ynterfryske leararemoeting yn Ramsloh gong it net yn it foarste plak om dy striid, mar benammen oer it ferbetterjen fan de ûnderwiissituaasje, de didaktyk, it lesmateriaal ensfh.

De Fryske les
De Friezen yn Dútslân wurkje op skoalle mei in eigen ferzje fan ús Fryske Taalrotonde. Hoewol't dy metoade by ús troch it modernere ‘Studio F' ferfongen wurdt, is it dochs goed om te beseffen dat oaren op in ferantwurde wize gebrûk meitsje fan de kwaliteiten fan de (neffens ús nije opfettings) ferâldere metoade. It die bliken dat útgeande fan tradisjonele wearden hiel goed ûnderwiis mooglik is en dat alle fernijings noch gjin ferbetterings hoege te wêzen. Yn in lessituaasje op in Grundschule yn Sedelsberg wie goed te sjen wêr't it yn it learproses fan achtjierrige bern primêr om draait: effektive oerdracht fan goed taalgedrach.

Fiertaal, ynstruksjetaal
Om't it Frasch yn libben gebrûk is, is it folslein logysk dat de taal ek yn de skoalle de fiertaal is. It Europeesk Hânfêst wol ek dat de minderheidstaal foar in flink part as ynstruksjetaal by oare fakken brûkt wurdt. As der learboeken yn de dominante taal brûkt wurde, moat in learaar op syn iepenst wêze en nim spesifike begripen en faktermen net mei ham en gram oer yn de minderheidstaal. Op de stúdzjebyienkomst yn Ramsloh waard ferslach dien fan in wiskundeles yn it Noardfrysk (Frasch). Lykas by ús yn Fryslân freget dat bewust omtinken foar it taalgebrûk, want it is sa maklik om de terminology fan it boek mar te folgjen. Dêr wurdt de lytse taal relatyf earmoediger fan (dialektisearring) en dat is net winsklik en perfoarst ek net nedich.

Mear bekendheid
It is moai dat leararen út de trije Fryslannen oerlis mei-inoar hawwe, mar wa wit dêr fan? Wa wit winliken fan trije Frysktalige gebieten yn Nederlân en Dútslân? Op de leararemoeting yn Ramsloh is de winsk nei foarren brocht om it bestean, de kulturele ferskillen en oerienkomsten fan de trije gebieten bekender te meitsjen. Der sille yn ûnderlinge gearwurking prikken yn it wurk steld wurde om materiaal foar de skoallen te ûntwikkeljen dêr't learlingen mear oer de Fryslannen yn oan 'e weet komme. Dat nije materiaal, it leafst op dvd, kin makke wurde op basis fan besteand byld- en ynformaasjemateriaal.

Ferfolch
Nei Noard-Fryslân (Leck, 2002) en Sealterlân (Ramsloh, 2005) is no Westerlauwersk Fryslân oan bar om in leararemoeting te organisearjen. Dat soe yn 2007 moai kinne yn it ramt fan 100 jier Frysk op skoalle. Mei't der by dy gelegenheid mear aktiviteiten op priemmen set wurde sille, kin der foar de ûnderwiislju út de oare Fryslannen grif in nijsgjirrich program gearstald wurde. It gehiel soe dan yn in rommere feestlike sfear behelle wurde kinne. Wy hoopje dat it dan in leararemoeting mei wat ekstra's wurdt.

Ed Knotter