Tankwurd en appèl fan Klaas Bruinsma by it ûntfangen fan de Dr. Obe Postmapriis
op tongersdei, 3 novimber 2005, 15.30 oere yn Post Plaza, Ljouwert.

Nommele lânslju, Friezen en Friezinnen,

Ik bin tige bliid mei de Dr. Obe Postmapriis, dy't ik hjoed foar de twadde kear krij; dat kin blykber neffens de regels. En hjir is myn tankwurd foar dy erkenning.

Alderearst tankje ik de Hear, dat ik dizze dei belibje mei; it hat faai stien mei fjouwer krupsjes yn twa jier, mar ik ha se oerlibbe. Tusken myn skoften yn it sikehûs troch haw ik fiif hilligelibbens oerset út it Latyn en in trageedzje fan Eurípides út it klassike Gryksk. Twad, tank oan Koba, myn libbensmaat, dy't my altyd sa rom en royaal fersoarge hat en dat nòch docht. Uteraard tank oan de advyskommisje foar de takenning fan de priis: Baukje Westra, Jaap Duijs en Geart van der Meer. De sjuery hat mei rjocht en reden net allinne de klassiken Homêros en Vergilius beoardiele, mar ek myn moderne ferfryskings fan Gysbert Japiks.
Tank oan Deputearre Steaten, dy't it advys fan de kommisje oernommen ha en feitlik de priis útrikke. Tank oan de útjouwers. Frysk en Frij hat yn earder jierren in tal boeken fan my treflik printe en fraai útjûn. Takomme jier sil myn ferfrysking fan alle Metamorfoazen fan Ovidius by Frysk en Frij ferskine, ûnder de titel Feroarings fan Stal (knypeach nei Rink van der Velde). Tank oan Steven Sterk, dy't myn ferfrysking fan de Georgica útjûn hat en it sels oandoarst hat en lit myn Homêros ferskine. En dy kinne - tank oan Gert Jan Slagter - besjen lije, tinkt my. En ek it lêzen, neffens it oardiel fan de advyskommisje. En mei in boek fan sa'n kwaliteit ek ris djoer wêze? Ik bin der wis fan dat de boeken jo djoer wurde sille, as jo se keapje en lêze. Se sille in besit foar jo libben wurde en ek noch in sieraad foar jo boekekast. Ik tankje jim, famylje, freonen, kunde, kollega's, letterleavjende minsken allegearre foar jim heechwurdearre oanwêzichheid hjir en hjoed.

Mar ik wol der al wat oan tafoegje:
Nee, dit wurdt gjin feestrede, earder in weeklacht; gjin lofsang, earder in needrop of striidrop. En wêrom? Omdat ik slim yn noed sit oer de kwaliteit fan it Frysk, of better sein oer it gebrek oan kwaliteit. Jim witte, it tal Fryskpraters is yn de 60 jier nei 1945 hurd tebekrûn. Hjoed de dei praat amper de helte fan de ynwenners fan Fryslân noch Frysk. En ûnderwiis en media ha dy delgong net keare kinnen. It Frysk dat jo op ´e strjitte hearre, is benammen by bern en by jongerein sa min, sa striemin, dat it amper noch Frysk neamd wurde kin. En is it by Omrop Fryslân better? Wie it mar wier. De omroppers kenne de geslachten net iens; hja prate fan it oere, wylst it de oere wêze moat. En dat de oer it fjirde part fan in jaar is, sil by de dames en kearen amper bekend wêze.

Jimme witte hoe min oft it Frysk ûnderwiis der foar stiet. 25 jier nei de ferplichting fan Frysk ûnderrjocht sitte wy slim yn de nedeklits. De 17 persint fan skoallen dy't alhiel gjin Frysk jout, de ferleging fan de doelstellings ensfh. De kwaliteit fan it Frysk op skoalle is, nettsjinsteande poerbêste boeken en oare learmiddels sa min, dat ik wol konkludearje doar: it Frysk ûnderwiis is op ´e non rûn en omtrint ta weismiten keard.

En hoe stiet it by de Fryske skriuwers, wat de taal oangiet? It tal nije skriuwers liket net sa min. Op de boekemerk by ús yn Drachten wie de helte fan de nammen nij foar my. In goed teken dat hope jout. Mar de fraach is: hok Frysk skriuwe hja? Ik ha by in tal skriuwers en skriuwsters konstatearre, dat hja har net folle bekroadzje om ús rike wurdskat en geef Frysk. Der binne guon dy't it Frysk fan de strjitte as mjitstêf nimme. Want hja wolle graach lêzen wurde, fansels. En de lêzer moat him foaral net ynspanne. En men stiet al gau klear mei etiketten as âldfrinzich en ûnbegryplik. De frachten flaters dy't ik út guon boeken helje, meitsje òf lilk òf mismoedich.

En hoe stiet it by de Fryske Beweging? Sit der noch beweging yn de Beweging? Of ha de grize koppen de moed ferlern en kinne hja inkeld noch stinne oer ynterne reorganisaasje en sok neargeastich gepiel? Mar wat docht men nei bûten út? Doe't de Amerikaanske Fries professor Bernard Fridsma ferstoar, hat it haadbestjoer fan it KFS in advertinsje yn it Deiblêd set. Der sieten trije flaters yn. Der stie dat Fridsma yn Kanada ferstoarn wie, wylst de man omtrint syn hiele libben yn Grand Rapids, Michigan, USA wenne. Blykber wit men dat nei 100 jier Fridsma noch net. Dat men de man dy't syn libben yn tsjinst steld hat fan it Frysk en de Fryske literatuer, in fries neamde mei in lytse f , sjoch dat fyn ik leechachtsjend en skande foar de man, dy't 85 jier lid west hat fan it KFS.

Noch in foarbyld fan sleauwens en letargy yn de Beweging sûnder beweging. It tydskrift Time hie syn coverstory fan 29 augustus wijd oan de minderheden yn Europa. Dêryn wurde wy Westfriezen alhiel oer de kop sjoen. Frjemdernôch wurde de 10.000 Noardfryskpraters wòl neamd, mar de 300.000 Westfryskpraters nèt. De iennichste reaksje op dat fersom kaam fan Pieter de Groot, redakteur fan de Leeuwarder Courant yn in artikel op freed 9 septimber. Mar gjin inkelde reaksje fan hokker Bewegingsorgaan ek. Ek net fan it Buro foar Minderheidstalen yn Europa (Fryske Akademy) foar safier't ik wit. No't de Beweging de kâns hie Fryslân op de kaart te setten, ha wy swijd; wy ha ús net oppenearre. Is it faaks tekenjend dat de Ried fan de Fryske Beweging residinsje hat op it Keetwâltsje? Nee, net laitsje, want it is om te skriemen. Is de Beweging in gevel wurde fan in leech hûs? Wat is de oarsaak fan al dy benypte griemerij? Ik mien dat pastoar (= hoeder!) Jan Romkes van der Wal de spiker op de kop slein hat, doe't er op de Warnsbetinking sei: De Friezen moatte mear grutsk wêze op wat hja binne, hawwe en kinne. Dêr ûntbrekt it oan.

No net mis ferstean: wy ha gjin ferlet fan heechmoed, fan in dom en benearjend nasjonalisme dat gefaarlike kanten hat. Mar wêr't wy slim ferlet fan hawwe is in poarsje selsrespekt, d.w.s. respekt foar ús taal, literatuer en kultuer. Gjin domme eigenwaan, mar terjochte wurdearring. In Frânsk sprekwurd seit: Dy't himsels ta skiep makket, wurdt troch de wolf opfretten. En leau mar dat der in soad wolven binne, de wolf yn it skieppeflues is it gefaarlikst. En dat is gjin fabeltsje. It ûntbrekt ús oan selsrespekt, as wy ús taal net goed brûke. Skriuwers soenen dat foaral beseffe en praktisearje moatte. Neam my mar in purist, ik sil it in earenamme fine. In Frysk skriuwer is per definysje in Frysk strider, omdat er yn it Frysk skriuwt.

It mankearret ús oan selsrespekt, as wy de striid opjouwe en belies jouwe foar de macht fan de media en ûntfryskjende faktoaren. As ús taal in jefte is, in kostber goed dat bewarre bliuwe moat, dan sil it ek fersoarge wurde moatte. Oan de Fryske skriuwers yn it bysûnder de taak om de talinten goed te brûken, want dy jefte is in opjefte.

Ik mien dat ik dit hjir en hjoed sizze moat. Sels hoopje ik yn it harnas te stjerren. Ik hoopje, dat ik de eare rêde sil, al haw ik gauris it gefoel te striden foar in ferlerne saak. En al myn wurk fan de oersettings is net bedoeld foar eigen eare, lit stean sok ordinêrs as jildlik gewin, mar om it mooglik te meitsjen dat de Friezen dy't dat wolle, de wrâldliteratuer yn har memmetaal lêze kinne. En no hoopje ik mar dat der in fonkje by jim oerspringt, dat in fjoer oansette kin. Dêrom in oprop, in appèl: wês wach en warber, hâld de kop der foar! Want mei hantsjeklappen foar priiswinners binne wy noch net wêr't wy wêze moatte: in Frysker Fryslân.

Ik tankje jim foar jim lokwinsken. Ik winskje ek de oare priiswinners lok, te witten: Abe de Vries mei de Gysbert Japikspriis en de beide oaren mei de Fedde Schurerpriis en de publykspriis. Ik tankje jim foar jim harkjen. Dêrmei haw ik it sein.

Klaas Bruinsma